Kompetysje omloop 2 en 3
It wie Halbe van der Valk dy’t ik ree fûn hie om it kompetysje keatsen op him te nimmen omdat ik sels net koe. Halbe hie fjouwer partoer op it fjild. Jan Watze Wiersma, Gjalt de Groot en Meinte Bonekamp keatsten tsjin Albert Reistema, Jouke Bonekamp en Grietje Feenstra (5-3 en 6-2). Grietje Feenstra is nij lid e keatste foar it earst mei. Kom op keats froulju fan Mantgum, sij kin wol wat stipe bruke! In it oare perk keatsten Klaas van der Veen, Reinder Bonekamp en Jan de Jager tsjin Wisse Arendz Jente Wybren Muller en Martin Visser.(5-4 en 6-2). Foar de minsken die mei skriuwe wolle binnen no alle punten wer opskreaun en geane we oer nei dizze wike. Doe’t ik it fjild op kaam hearde ik it pelote team Mantgum 1 al. Ik sil fierders gjin nammen neame mar tsjin Jorwert koene se harren ferbaal aardich rede. Om’t er ek al in kuorbalfjild lei sochten we in plakje wat fierder op it fjild. We koene in trije perken keatse en op in stuit wie der gesellige droktme op it sportfjild in Mantgum. Perk 1. Albert Reistema en Hans de Boer tsjin Jan de Jager en Jan Watze Wiersma. De partij gong aardich gelyk op mar op 4-4 pakten Jan en Jan it fiifde buordsje en moasten Albert en Hans harren bêst dwaan om yn it spul te bliuwen. Op 5-4 en 6-6 sloech Hans de bal bûten. In perk twa keatsten Jente Wybren Muller en Reinder Bonekamp tsjin Jouke Bonekamp en Jurian Tolsma. Hjir seagen we soms moai tusken spul. Jente Wybren en Reinder wie it sterkst en wûnen mei 5-2 en 6-4. In it tredde perk spilen Mente Bonekamp en Jan Dick Slop as “cracks” tsjin een partoer fan trije, Martin Visser, klaas van de Veen en Grietje Feenstra. Hoewol se mei har trijen wienen koene se net op tsjin de ûnderfining oan de oare kant 5-3 en 6-4.
Geplaatst op 18 May 2013